Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Nacht en dei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Sierlik eaget sels it sliepen,
bûgde hals en fearren wyt as snie,
de kleare nacht troch mei de lêste splinters iis,
dat harren fêstlei, los fan goede rie,
gjin swanne-each kaam iepen.

Image

Dan de swarten, fan dat koarte,
hals en romp gjin sierlik bûgen oan,
de wite bles as lampe foar de lange nacht,
sy swommen bealgjend oant de iere moarn
foar markols iepen poarte.

Image

As it strieljen fan de sinne
oer de hals en romp fan beide pearen strykt,
bliuwt deawurch ’t swarte driuwen tusken splinters kjeld,
wylst fierderop it iis foar ’t wite wykt
en wjukken hichte winne.

Image

admin

Maitiidsmeunsters

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Noch is de grûn beslein mei ryp,
de lêste klappen fan de winter,
dy’t ferliest syn rûge gryp,
want ’t is te sjen, de sinne wint it.

Twa bakken frette bulten op,
der bliuwt gjin wintersk brokje lizzen,
bonkend klinkt de grûnwurk-rop,
dat weiferkear hat neat te sizzen.

Image

De meunsters mei har swier gewicht
ferslaan de wintergrûn, want romme
moat it swarte foar it sicht,
dan kin foar ’t ljocht de maitiid komme.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum