Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Spoartiden

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It âlde spoar bliuwt grif bestean,
ferbynt al jierrenlang it folk
oer parallelle izers,
earst klonk ’t blazen mei in wolk
fan stoom en reek oer ’t griene gea.

De swarte stoar in wisse dea
nei ’t blazen fan de lêste stjit
yn ’t draaien fan de wizers
om’t de tiid fan ’t nije wit,
fan blauwe ingel oant wyt-read.

Wêr’t nij komt, wie in smelle sleat
dy’t damme waard mei frachten sân,
it bêd foar parallellen,
flitsend sil it folk troch ’t lân,
de tiid bliuwt net by deaden stean.

’t Is mar in stap en sprong te gean
nei ’t bêd fan ’t swarte deaderyk
fan parallelle sellen,
mei de tiid wurdt romme ’t lyk,
gjin spoar bliuwt fan dat folk bestean.

Image

admin

Untfierde soan

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ik seach him by ’t stasjon
as net om oan te sjen,
de grize gie my oer de grouwe,
hy stoarre nei ’t perron,
it wie de ‘iron man’.

Hy liet my mar net los
doe’t ik oer ’t strúkpaad rûn,
wol swier om ’t izer mei te sjouwen;
ynienen op ‘e grûn
wat spullen sûnder tas.

Image

In flesse, broek en skoech,
net foar de ‘iron man’
in bút om izer mei te smeien
of socht er om in fan
dy’t him op hannen droech?

‘k Fertroude ’t spultsje net,
want earder wie ’t oarsom,
it izer koe de fan wol drage;
grif lei it rjocht hjir krom,
wêr wie de wisse wet?

De motor kaam deroan,
de rider bûgde him
en sei: ‘Se hawwe hjiroer klage,
wat kleanspul, grif foar gym
of is it fan jo soan?’

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum