Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Spaanske kleuren

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Nee, net dat ik byleauwich bin,
want tekens sizze ek net alles,
wat is ûnsin en wat sin,
sa tink ik wolris.

Sa rûn ik sneintemoarn troch Snits
en kaam út by de wetterpoarte,
dêr’t ik seach as yn in flits
wat ’t sicht ferkoarte.

Image

Gjin liuwen wiene mear te sjen,
yn plak dêrfan twa mantelmiuwen,
kriezjend as wie it ferlern
om winst te priuwen.

Wol deale, hjir gjin miuwen baas
mei reade flek op giele snaffel,
ik soe keare it geraas
mei: ‘Hâld jim snaffel!’

Nee, net dat ik byleauwich bin,
mar foar de wetterpoartetuorren
dreau read-giel my op ‘e rin…
dêr stie de muorre!

Image

admin

Rehoboth

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image
Izaäk, de soan fan Abraham,
groef heit syn wetterputten op,
tichtsmiten troch de Filistinen,
mar de restauraasje stie rap stop
troch hoeders fan in oare stam
mei rjochten út in fier ferline.

Strideraasje drige yn it gea
fan Kanäan, dêr’t Abraham
syn team nei Gods belofte swalke,
mar as oarloch siedde haat en dea,
dan droege op de âlde stam,
dat Izaäk dronk leaver molke.

Fredich grave waard tenei syn lot,
sa hat hy eigen wetter fûn
om takomst yn ’t beloofde lân te fieren:
‘Lit de put no hjitte Rehoboth,
want God hat ús de romte jûn,
dy namme sil ús libben siere.’

Meigean yn de tiid is minskelot,
in muorre stiet net lang oerein,
giet brekkend nei de Filistinen;
oare tiden ha der goed foar sein,
de sloper giet foar Rehoboth,
jout romte, rap sil nij ferskine.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum