Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Kosmetysk stiel

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

De Snitsers sakken troch it dek,
want rust hie ’t stiel ferfretten,
dat de skipper miste syn hâldfêst
en sûnder skrep wie ’t al te gek,
gjin poat koe hy fersette.

Se lasken ’t nije achterdek
en lieten dat net witte
oan de mannen fan ‘wy hâlde fêst
oan ’t âlde’, soks wie al te gek
en sneu fan al dat switten.

De fraach wie: moast it der wer út
of koe it sitten bliuwe?
’t Snitser skuldferhaal joech it hâldfêst:
kosmetysk stiel wie ’t einbeslút,
mar bleau de Pan dan driuwen?

Image

admin

Klinkende finale

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2000

Image

De ein wie lykas it begjin:
in lange sleep foar it publyk,
alhiel tsjin de tradysje;
fjirtjin reade flachjes as ludyk
protest, sa hie it dochs noch sin.

Gjin skot klonk oer de stille mar,
gjin suchtsje kaam yn ’t sloppe seil,
mar doe wie dêr dat wyske:
klanken holden ’t silersfeest op peil,
’t publyk wie lykwols yn de war.

De flachjes hiene wis wol sin:
as ôfskie fan in sjuerylid
wie ’t reade doekje hise,
wylst de iene nei de oare hit
oer ’t skipsdek klonk, in oar ferwin.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum