Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Ferlern

Lyrysk Deiboek

 

PDF Print E-mail
Image

Hy wie noch yn de wintersliep
doe’t ûnder him de ierde skodde,
’t hie wat fan in meunster dat him griep
en om him hinne reinde ’t modder.

It lânskip, net om oan te sjen,
wie rûnom hurd, alhiel ferstienne;
’t simmerperspektyf gie rap ferlern
as kamen wolken foar de sinne.

Image

Hy koe noch krûpe, seach yn ’t rûn
wer perspektyf foar oare tiden,
lokkich wiene alle stikels sûn
om by gefaar foar him te striden.

Al is de hope noch sa grien,
gjin skerpe stikel kin it winne
fan rap rubber, wreder noch as stien,
as kamen wolken foar de sinne.

Image

admin

Wetteleas spegelbyld

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Gapjend fan de koarte nacht
beseach de reager ’t jachgebiet
fan ’t eigen stammelibben út:
gjin fiskje noege ta de died,
der siet net oars op as de wacht.

Image

Wachtsjend mei de dolk foarút,
dêrachter fel it giel fan ’t each,
de hals in s fan sjit mar ta,
de bûgde rêch as yn in weach,
naam sy op ’t lêst in heech beslút.

Fleane moast wol, mar net heech,
de lege mage hold dat tsjin
op flecht nei har toiletgebiet,
sa hie de moarntiid dochs noch sin,
al wie it lykwicht hâlden dreech.

Image

’t Lykwicht tusken hap en knap
beseach de reager relatyf
yn ’t ljocht fan ’t eigen spegelbyld,
want wetten hiene neat om ’t liif,
it wetter bea dy oan as grap.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum