Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Dûbel testamint

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Lit my oan Tobias fertelle
oer it libbenspaad dat hichte wint
en oer myn jild, de tsien talinten,
‘k jou him mei in dûbel testamint,
sa kin er jild en deugden telle.

‘Myn soan, slaan yn de rjochte paden
mei in goede maat foar ûnderweis,
ien mei de deugden fan in ingel,
sjoch… it hûntsje giet ek mei op reis,
sa is dyn rêchsek dûbel laden.’

Wat no, sjoch ik myn frou yn triennen?
‘Anna, sit net oer ús soan yn noed,
syn maat, in ingel, hat talinten
om te reizgjen, ’t komt mei beide goed,
lit Tobias mar mei him rinne.’

Image

* Ikoan ‘Aartsingel Rafael mei Tobias’

admin

Sara

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Ekbátana, dêr wenne Sara,
lang net lokkich, sân kear wie se troud,
waard dêrnei oansjoen foar sân moarden,
fielde har by ’t eigen folk benaud,
om’t fammen har oanhâldend narren.Se wie fertrietlik, woe wol stjerre,
hie lykwols begrutsjen mei har heit
en bûgde yn gebed de holle:
‘Hear, ik ha ’t net dien, dat is in feit,
lit my dat skuldpraat net mear hearre.’

Sjoch Tobit dêr en Sara hjirre,
beide hollen bûgden yn gebed,
it wie dy man en frou tefolle,
mar de Hear hat mei de takomst ret,
troch Rafael is ’t iepenbierre.

Image

Ikoan ‘Rafael’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum