Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Skerp kontrast

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wa’t foar syn libben djip gean moat
en ek noch sûnder kleur bestiet,
besiket hegerop te kommen,
dat de moarntiid fleuret swart,
in skerp kontrast mei hoe’t it fierder giet.

De klim fan ’t wetter ôf wie dreech
genôch nei keale toppen yn
de nacht, mar ’t is der wol fan kommen
dat se slommen himelheech
foar har gefoel yn lykwicht op ‘e wyn.

De wekker fan de moarn klinkt read,
it skrille sein foar it toilet:
de fear wurdt poetst, it ôffal romme;
klear foar ’t djipgean yn de feart
is hy yn skerp kontrast mei iel en wet.

Image

admin

Keppelje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy naam har mei
it nachtlik libben yn,
in flugge stap
dy’t op in dûnsjen like;
hy wist de wei
en sprong dy suver blyn,
besloech it mei in grap,
is efkes fan har wike.

Doe kaam de dei
mei ’t earste suchtsje wyn,
it gie net rap
sa die dy moarn wol bliken.

De hoeder brocht dyselde dei
de keppel nei it hege grien,
beleanning foar de blauwe plicht
of wat hy ek wol nachtwurk neamt,
mar ien skiep socht in eigen wei,
is nei de reade oarde gien,
seach efkes in hiel oar gesicht
en gie foar ’t earst yn ’t libben frjemd.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum