Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

De bedrige swan

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Asselijn*

Image

Lit it wite suver blinke,
wjukken gûnzje tsjin it blau,
de kop de hals sa rjochtsje
dat de flecht bringt him al gau
by ’t nêst om fûl te fjochtsjen.

’t Driigjen komt fan alle kanten,
achter him de tongerwolk
dy’t rapper op komt setten
as de flecht fan eigen folk
oer ’t gea mei fêste swetten.

Oer dy grins komt rjocht fan foaren
’t driigjen fan de swarte hûn,
it kwea fan doel te biten,
oan gjin swanneswetten bûn,
yn ’t wjukjen fan it wite.

Mar wat suver is, sil stride
foar it libben fan syn skaai
mei wjukken dy’t lûd klappe,
kop en hals yn dryste draai
om nei it kwea te happen.

* Jan Asselijn (1610-1652) stribbe dernei
de werklikheid sa natuerlik mooglik
wer te jaan. Dêrom skildere er de swan
sa grut as er yn it echt wie.

admin

De Wolgaslepers

Keunst
PDF Print E-mail
fan Ilja Repin*

Image

Hoefolle jierren hie Repin
har oan de Wolga bealgjen sjoen?
Hy dronk it byld as wodka yn
foar ynspiraasje, foarm en tint:
de rige dy’t foaroerbûgd rint,
in byld dat himet, kreunt en stint.

Se pakten alle dagen ’t tou
dat flokte mei har frije geast,
út solidariteit kaam trou
de beage op ‘e skeinde hûd
en raffellapen op ‘e foet
fertelden fan har moed yn noed.

Hoefolle byldkrêft joech Repin
oan alve manlju yn de skrep?
De wize lieding fan Kanin
sleept stil syn ploech de Wolga lâns,
behalve Larka, noch net mâns
genôch, is efkes út balâns.

Image

* Ilja Repin (1844-1930) wurdt wol
de Rembrandt fan Ruslân neamd.
Hy hat de Wolgaslepers observearre
en fan 1870 oant 1873 oan dit
ûnderwerp wurke.
Hy woe mei it skilderij de fysike en
geastlike krêft fan de slepers werjaan.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum