Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Eigen dracht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De simmer noeget nei de wetterkant,
dêr’t foar it stedsfolk frijheid wankt,
de jacht syn netten net mear spant,
gjin racer troch de bochten jankt.

Image

Twa dowen saaiden op ‘e stange del
nei ’t flitsend fleanen oer de see,
gjin krolweach makket har noch kjel,
de hiele wrâld is fûgelstee.

Se draaiden earst de kop nei winkelklean,
wol gaadlik foar de wetterkant,
mar sjogge har dêr net yn gean
en boppedat: gjin fûgel klant!

Wat moatte sy ek mei in rêdingboei
yn ’t weagjend fleanen oer de see;
de kop derby, dy stiet yn bloei,
dus feale klean: in dûbel nee!

Image

admin

Duvelsrak

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Tusken Snits en Brekken rûn in feart,
omseame troch de wâlden
fan boerepleats en klinte,
bochtich as de hôf fan Eden slang,
de duvel listich en ferkeard,
dy’t neat lit by it âlde.

Wâldfeart wie syn favorite plak
om ’t skipsfolk tsjin te hâlden,
dat bealge om de rinte
op te bringen fan de skûtsjeskuld;
se flokten op it duvelsrak,
mar dát bleau by it âlde.

Satan brocht it nije ek teplak
mei bochten om te hâlden
en mannichfâlde sinten,
want noch altyd sprekt yn ’t hôf de slang:
de beammen waarden ‘Duvelsrak’,
hy liet ek dat by ’t âlde.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum