Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Foarby de stilte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Noch is de himel blau en sûnder ein
en lûkt it wetter nei de fierte,
mar dêrmei is net alles sein.

De willeboat op ’t droege tusken stiel
sil fan gjin mar of weagen witte,
in healjier stilte is syn diel.

Mei strutsen seilen leit it foar de wâl,
it skûtsje kin it oars net litte:
de mêst rikt heech, wol net op stâl.

De sleepboat is yn dizze tiid syn maat,
kin lang noch yn resessy sitte,
want slepend is it liedersaard.

It frachtskip hat it rom al wiken leech,
de romte kin it wol ferjitte,
it lossen sit de skipper heech.

Mar tusken ’t lege winterlibben yn
sil Fryslâns flagge hertslach hjitte,
want nei stilwaar stekt op de wyn.

admin

Under ’t skerm

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy stekt syn klauwen út,
mar kin net heger komme
as de skermen boppe stâlen,
rikke jout de bear gjin sprút
en yn de winter wurdt er romme.

Sa is it wrâldsk ferrin,
woe ha ús âlde beppe,
woartele yn ’t fêste leauwe,
fleane hat foar fûgels sin,
de minske mei allinnich ljeppe.

Sjoch hoe’t de tiid ferglydt
nei hegerop en bromme
ûnder ’t skerm yn fêst fertrouwen
dat de karre fierder rydt
om Hear en hauk benei te kommen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum