Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Jan Carel Josephus van Speyk

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Hendrik Breukelaar*

Jan Carel Josephus van Speyk,
fan adel mei syn trije nammen,
mar hy wie mar deagewoan,
as jonkje hat er him wol skamme.

Jan Carel Josephus, as bern
moast hy syn âlden al ferlieze,
’t libben griisde him doe oan,
as jonkje hie hy neat te kiezen.

Jan Carel Josephus, as wees
waard hy mei oare bern opfieden,
jierren op deselde toan,
as jonkje hie hy neat te bieden.

Jan Carel Josephus wie grut
mei admiraals, syn grutte helden,
seach De Ruyter op ‘e troan,
dy’t oer syn eigen dea fertelde.

Image

* Hendrik Breukelaar (1809-1839)
Skilderij ‘Van Speyk by it grêf fan De Ruyter’

admin

Brutsen macht

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Nicolaas Pieneman*

In opstân wie om del te slaan,
sa wie de kening fan betinken,
benammen doe’t er konkurrinsje kriich
fan Belgysk kening Leopold,
it wie mei sizzen net te dwaan.

Dus joech it leger daliks acht,
want kenings eare moast wol blinke
mei kroanprins Willem liedend yn de kriich;
de fjildtocht tsjin foarst Leopold
wie út op ’t brekken fan syn macht.

Image

By Bautersem rûn ’t justjes oars:
it hynder fan de prins waard rekke,
joech net mear acht en lei al gau foar dea;
it leger gunde ’t Leopold,
dy loek lykwols in lange noas.

It leger loek him rap werom
doe’t Frankryk fûn de macht moast brekke
fan kening Willem, net syn kop en lea.
Lang libje kening Leopold,
de opstân bringt him ivich rom!

* Nicolaas Pieneman (1809-1860)
Skilderij ‘De slach by Bautersem’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum