Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Sike jirpels

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

As genôch te keapjen is,
dan komt it iten yn de tas
en rekket elkenien wol sêd,
mar is it krap, dan giet it mis
en slacht it folk der fûl op los.

Mear as oars kaam sykte foar,
op ’t plattelân en yn de stêd,
mar ek de jirpels rekken siik,
de honger rûn fan doar nei doar
en hieltyd rapper waard syn trêd.

Grut wie ’t lijen fan de Ier:
gjin jirpel kaam mear fan de bou,
gjin boer hie sinten foar de pacht,
gjin fretten wie der foar it dier,
gjin iten mear foar bern en frou.

Wa koe telle oant miljoen?
Allinnich mar de neare dea,
dy’t flitsend fleach fan doar nei doar,
dêr’t hy ek mannich sike fûn,
want tyfus taaste oan de lea.

* Yllustraasje ‘Breareboelje’

admin

Kening Willem II

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jan Adam Kruseman*

Image

Noch jong en dan al ynternasjonaal:
fan Ingelân nei Dútslân
en fan Spanje nei it heitelân,
sa libbe hy mei sûn ferstân
op Europeeske skaal.

Gjin achttjin noch en dan al militêr,
yn Pruisen foar it drillen
en yn Spanje foar de echte striid,
ferwûne, dêrtroch wiid en siid
ferneamd, in legerstjer!

Wol held, mar mei Charlotte kriich er skeel,
de ein fan de ferkearing,
Russin Anna kaam doe op syn paad:
in frou, fiif bern, mar hy hie ’t aard
fan homoseksueel.

Wol prins, mar mei de Frânsen yn ’t komplot
om harren foarst te wurden,
wat bekend waard, dat syn heit wie poer,
de Frânske druven smakken soer,
mar kening bleau syn lot.

As kening makke hy in omslach mei
troch rûnom revolúsje
yn Europa, Willems grutte skaal,
ynienen wie hy liberaal,
mar ek ynienen wei.

Image

* Jan Adam Kruseman (1804-1862)
Skilderij ‘Willem II yn de gearkomsteseal fan de Earste Keamer’
Skilderij ‘Willem II yn de natuer’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum