Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Opstean

Keunst
PDF Print E-mail
Image
Piero della Francesca*

Wylst soldaten lizze yn de slom
en dreame fan in sletten grêf,
riist Kristus út ‘e tsjusternis
mei yn de hân de findelstêf,
de foet al ree fan tink derom:
Ik kom, fan ’t ivich libben wis.

Hoefolle tinzen ha befette
wat it is om op te stean?
Gefoelens hawwe ek net bean
wat yngiet tsjin de minskewetten.

Wylst syn neisten binne fan de wiis,
it fiele as wie ’t yn in dream,
komt hy wer libben út ‘e dea;
Siberië as Goelachseam
betelle hy syn lea as priis,
lykas it wie, sa wurdt it nea.

Image
Ilja Repin**

* Piero della Francesca (sirka 1415-1492)
wie in Italiaanske skilder dy’t ek oer
de skilderkeunst skreau.
‘De opstanning fan Kristus’ is in doek
fan 225 x 200 sm.

** Ilja Repin (1844-1930), in Russyske skilder,
skildere ‘Unferwachts’, de thúskomst
fan de soan/man/heit út in strafkamp
yn Siberië op in doek fan 160 x 167 sm.

admin

Us broer

Keunst
PDF Print E-mail
Image

Do broerke mei dyn eachopslach,
trochkringend sjochst ús oan
as fregest wat dyn foarlân is;
wy witte it, dyn aureoal
blinkt as in keningskroan
mar net fan wrâldsk gesach,
dyn ierdske takomst is ûnwis.

Do broerke, skodzje ôf dat kleed
dêr’t al it bloed trochhinne skynt,
want hjoed is hjoed, noch lang net freed
en boartsje, want de sinne skynt.

Do grutte broer, dyn eachopslach
bliuwt hingjen yn de nacht
lykas dyn rutsen, wurge lea;
wy witte fan dyn aureoal,
in kening sûnder macht
mar mei moreel gesach
dat takomst hat, sels oer de dea.

Image
Rembrandt

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum