Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Alvestêdeskowers

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se kamen by ’t lemieren op it iis
yn Snits, de manlju yn it giel: ’t gie oan
mei ’t striken fan de skowers
oer wat waard de baan, fan wyt nei griis,
it wie de twadde yn de iere moarn,
it streke oan, de snie soe stowe.

It simmerskûtsje seach it skreppen oan,
foar him hie ’t iis de wetternocht bedoarn.

Image

’t Gie fierder by de oanlispeallen lâns,
mar lizze hold de skowers inkeld op,
se streken nei de brêge,
bôgen iepenen in nije kâns
foar giele gliders, altyd noch op kop
mei stive skonken, rûne rêgen.

It gloeilampskûtsje ljochte strieljend op,
foar him wie ’t winterwille op syn top.

De wetterpoarte joech in dûbellûk
mei Jikkes herberch, wettertoer en Kolk,
in stimulâns nei ’t glêde,
no al yn de rêst wie gjin gebrûk,
foaral net ûnder eagen fan it folk
dat rôp: ‘Kom op, nei Drylts, de tredde!’

Image

admin

Fiersicht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It stiel stiet stil en strielet út
de kjeld fan dizze kleare snein
mei twa kear read, dus sletten
foar it farren, boppedat leit ticht
de grêft, hjoed jilde oare wetten.

De stielen list jout helder sicht
op wat it folk hat by de ein,
’t is skowen om te gliden:
mem it rûge wurk foar wat moat glêd,
har soan kin dan mei faasje ride.

It giet op stiel noch net sa rêd,
al hast de puck al twa kear slein
en hâldst de stick yn hannen,
glidend dochst rap beide eagen ticht
en sjochst dy al yn hockeylannen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum