Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Plomp en sjek

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se komme wer omheech,
de Snitser pompeblêden,
foar de bioskoop
dwers troch Sinees en Heineken,
lykwols gjin fiksje, sa te sjen
is dit de plomp syn biotoop.

Men kin der wer by del,
want dêrfoar is dy treppen,
stap foar stap deryn,
dwers troch Sinees en Heineken,
want wat de plomp kin, kin in bern,
in smoarge grêft, ’t is jierren lyn.

Ynienen is it oer,
want driuwt dêr net Van Nelle?
’t Pûdsje swiere sjek
noch foar Sinees en Heineken.
Gjin pompeblêd is mear te sjen,
wa’t no deryn plompt, dy is gek.

Image

admin

Op wei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy is op wei sa’t hy dêr stiet,
de rjochte dyk rint nei de kym,
dy’t breed syn earmen spriedt.

De bermen binne grien fan hoop,
de blommen bloeie hjoed op rym:
‘It wurdt in hiele loop.’

De âlde iik seit: ‘It komt klear,
de groei is der by my al út,
somtiden die it sear.’

It piipkrûd fluitet wyt fan nocht:
‘Sjoch foar dy nei de blauwe loft,
gjin noed, de dyk is rjocht.’

De dyk wiist him de rjochting oan:
‘No sa, dit duorret noch in skoft,
de fleur deryn, oant moarn!’

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum