Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Frije merk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wat krisis! Dan hâld ik de kop derfoar,
bin by de berte breed bemetten
en bats deryn op weagen fan de merk
dy’t frij is om him op te setten,
hjoed de dei op kosten fan in oar.

Fan tsa, tsa, tsa,
Cofelica,
sa moatte wy it ha!

Wat laden! Dêr ha ik gjin boadskip oan,
myn langte kin er net belykje,
ik bats deryn, want batse makket sterk,
en sil my mei de fracht ferrykje,
hjoed de dei al, moarn en oaremoarn.

Fan Janna nei
Cofelica,
dat is de frije wei!

Wat sleeptou! Ik set no de spurt deryn,
want wa’t it swier hat, sil ’t belije,
ik bats de mar oer nei de frije merk
om alderearst de fracht te krijen,
hjoed al giet it legen foar de wyn.

Fan tralala,
Cofelica,
dêr moatte wy op ta!Image

 

admin

Ballade fan de mollerol

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It barde yn it lege gea
dat moarns op hege poaten
’t reagerliif klonk aaklik hol,
in nuodlik sein foar mûs en mol,
it gie om libben of om dea.

Image

De reager pikte krekt de mol
rap foar de miuwesnaffel
wei en hold him yn de grip;
de lege miuw tocht: wol ferhip,
hie ik de snaffel ek mar fol.

‘Myn bêste freon,’ sa sei er gol,
‘do hast in lange gaffel,
dy fan my is fierste koart,
jou goede rie, sis wat ik moat,
hoe rêdsto dit mei ’t moltsje wol?’

‘Myn bêste maten,’ sei de mol,
‘ik hâld sa lang myn waffel
wol, gean jim mar yn petear,
want fan jim wize wurden lear
ik grif wat daliks wurdt myn rol.’

De reager hold de mol stiif beet
en ek syn lange snaffel,
makke him nei ’t iten breed.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum