Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Fan it wetter ôf

Keunst

fan Marten Groenhof*

Hoe faak ha ik dit byld al sjoen
fan ’t skip ôf, altyd ûnderweis
mei yn it rom de modder
foar boeren op it earme fean,
ik wie doe seis.

Ik seach de toer fan ’t Heidenskip
krekt boppe lege huzen út,
mar net de grutte skoalle,
dêr soe ’k meikoarten hinne gean,
net myn beslút.

Myn âlders seagen ’t as har plicht
om my it bêste mei te jaan,
ik moast fansels ek leare
om op te bouwen myn bestean…
koe ik soks dwaan?

Ik woe dit út ’e fierte sjen:
It Heidenskip fan ’t wetter ôf,
it tuorke boppe huzen,
net tichter by, nei skoalle gean,
sa’n grut gebou.

* Marten Groenhof (1925-1978)
Skilderij ‘Sicht op Hofmar en Brânbuorren’


admin

Kleiliet oer de farao

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

In kleiliet klinkt oer farao:
Do wiest in jonge liuw,
in meunster yn de see
dy’t hege weagen makke,
mar it is no mei dy dien:
mei in fangnet stean Ik ree
en smyt dat oer dy hinne,
sleep dy nei it drûge ta;
de fûgels pikke yn dyn lyk,
dêr’t ek in roppich bist oan fret,
wat oer is, rekket op ’e bergen
driuwt mei op ’e wetterstream,
neat bliuwt der fan dy oer.
Dêrnei lit Ik de loft berinne,
wolken skowe foar de sinne,
sels de moanne dôvet út,
de stjerren skitterje net mear,
roettsjuster wurdt it yn dyn ryk.
De folken reitsje yn ûnstjoer
wannear’t se hearre oer dyn lot,
har foarsten giet de grize oer
de grouwe by de resten fan dyn lyk.
Egypte wurdt ta wyldernis,
sadat in kleiliet songen wurdt,
sa seit de Heare God.

Yllustraasje ‘Seemeunster’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum