Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for december, 2017

admin

Klim fan Sachéus

Bibelbylden

fan Jan Luyken*

It komt frjemd oer, ik jou it ta,
om yn in beam te klimmen
as garder fan de tol,
myn eagen moasten har gerak ek ha,
se soene noch fan blidens glimme.

Ik bin mar lyts, woe him wol sjen,
en dus moast ik wol klimme,
ik siet net yn myn rol
as garder fan de tol… as wie ’k in bern,
doe hearde ’k yn de fierte stimmen.


It waard ynienen stil, de stim
fan Jezus koe ik hearre:
‘Sachéus, ’k bin dyn gast,
kom rap wer by de stam del nei dyn klim.’
Ik jout it ta, bin doe opfearre.

’t Kaam by in protte folk frjemd oer,
de master by my ite;
ik helle út ’e kast
jild foar de earmen, ’t wie foar my gjin toer…
de klim hat my gjin oere spiten.

* Jan Luyken (1649-1712)
Yllustraasje ‘Jezus sjocht Sachéus yn de figebeam’

admin

Sleine liuw

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2009

Image

De Lemmer, leech it wetter, heech de loft,
wylst Teakesyl gjin azem jout,
de liuw op leger wâl it minder trof
en daliks ree it hegerop beklaut.

Image

De striid hat west, de ein wie sûnder wyn,
De Lemmer hold de azem yn,
de liuw wie bluodrich slein troch in protest,
wylst winners fiere mei in keale mêst.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum