Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for december, 2017

admin

Rize by Terherne

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2010

Image

Lit de Snitser mar syn widens sjen
mei loften dy’t grau driigje,
dan wurde skûtsjes foar de bern
ta boartersboatsjes dy’t sy riigje.

Mar as it startskot oer de weagen waait,
begjint it doek te rizen,
stekt de mêst de wolken yn,
dy’t fan it blau de striid ferlieze,
want de skûtsjehichte wint it pleit.

Image

‘Oeral thús’ is ’t measte thús op ’t wiid
fan Snits, tichtby De Jouwer,
stekt as earste om de boei,
besjocht de himel justjes blauwer
as de trettjin sakje yn de striid.

Image

Draait de wyn en is de skoat fertiisd,
dan sil it skûtsje sakje,
ek mei mêst en gaffel heech:
De Jouwer mist syn earste plakje,
wylst de stjer fan Earnewâld ferriist.

Lit de folchfloat alle flaggen sjen,
dan kinne loften driigje,
de spanning riist yn elke fan
as skûtsjes oant de finish kriigje.

Image

* Skûtsje fan De Jouwer

admin

Bloeiend eachweid

Keunst

fan Vasily Surikov*



Hy is mei syn bestean fergroeid
en stiet rjochtop om út te sjen,
wat er lang lyn al die, as bern
hat him de fierte mear as boeid.

Mei beide fuotten stiet er fêst,
as taaie woartels yn de grûn,
dochs hat er hjir de frijheid fûn,
syn stânplak is him net ta lêst.

Syn reade kop stiet hjoed yn bloei,
troch wyn en sinne út ’e knop,
heint alles om him hinne op,
noch altyd sprekt it blêd fan groei.

Sa is er mei it gea fergroeid,
dat  alle dagen nûgjend winkt,
de fierte sûnder mear noch skinkt…
syn eachweid dat ek hjoed wer bloeit.

* Vasily Surikov (1848-1916)
Skilderij ‘De âlde grientekweker’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum