Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for november, 2017

admin

Utswitten kleur

Keunst

fan Marc-Henry Meunier*



Sels hat er yn de groppe sitten
njonken syn gewear en proviand,
foar him in muorre, folle sekken,
fijâns kûgels kearend, want
it sjitten waard gjin oere litten.

Sjoch de ynslach,
ien, twa, trije, fjouwer, fiif,
hy is de tel al kwyt,
mar net syn holle,
efkes mar der boppe-út,
de ûnderkant is wyt,
de boarsten fan in wiif
en bloed oer ’t bleate fel,
mar wêr is no har holle
mei de mûle foar in tút?
Dêr slacht de kleur al del
op lege loft en ierde,
fjoerwurk foar it stammefolk,
dat lang de krún al mist
troch net te tellen dieden,
ien, twa, trije, fjouwer, fiif,
fuort waait de grize wolk
en sjoch, dit is ’t…

Sels hat er yn de groppe sitten,
withoelang en oan de goede kant,
hy is net troch in kûgel rekke,
kaam derút as fêste klant
fan ynslachkleur, op doek útswitten.

* Marc-Henry Meunier (1875-1922)
Skilderij ‘It Sas Bosk’

admin

Skûtsjesilen Terherne

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2007

It wide wetter fan de Snitser mar,
dêr’t loften leech oerhinne saaie,
draacht in inkeld skip troch ’t far,
mar moarn sil ’t oars en hurder waaie,
want dan is de skûtsjefloat oan bar.

Image

It romme wetter lûkt it skipsfolk oan
dat fart yn kapitein syn sloepen,
oan it stjoerrêd stiet de soan
dy’t dreamt om op it dek te krûpen,
’t leafst as winnend skipper, hiel gewoan.

Image

’t Gewoane wetter is foar it publyk
mei ’t anker achter reade bollen,
mar wa’t oars en net omlyk
wol, hat net folle mear te wollen
as te lichten ’t anker út it slyk.

Image

It wetter fan it start- nei finishskot
is foar it stridend folk dat siket
om de romte, dûkt yn ’t gat
by boeien, tagelyk sa’t liket,
lykwols wint mar ien it lokkich lot.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum