Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for november, 2017

admin

Lolsile

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2008

It wie de tiid, it moast wer heve,
oardel moanne noch, dan klonk it skot
earst echt, mar dit as generale
hie foar skipper-spilers dochs wol wat:
foar fol of reve?

Image

De Snitser mar swom yn de sinne,
sloech de earms op twirren weagjend út;
de fjirtjin, sûnder noch ferhalen,
skôgen inkeld, namen doe ’t beslút:
foar fol foar ’t winnen.

Image

Wylst tugen heech premiêre spilen,
kaam de twilling-float ferhalend del,
oan ’t roer wol trije admiralen
dy’t holden heech de reef yn tel
om lol te silen.

admin

Lilke Fariseeër

Bibelbylden

fan ûnbekend*

It wie foar ús it djiptepunt
hoe’t hy ús dellein hat,
al wie ’t yn in gelikenis,
gjin status is ús gund,
wy hiene ’t wer ris mis.

Wy soene yn it tankgebed
ússels de eare jaan,
oars as in garder fan de tol,
ien sûnder weet fan wet
en deugd, sa is it wol!

Mar net yn dy gelikenis:
hy sloech him op it boarst
as hie hy fan syn sûnden spyt,
wat wrachtich net sa is…
’t ferhaaltsje wie swart-wyt.

Wy soene ús ferhege ha,
dêrom lei hy ús del,
’k bedoel dy fint út Nazaret,
wy moatte derop ta
dat hy… hawar, sa net!

* Ikoan ‘De Fariseeër en de tolgarder’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum