Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for november, 2017

admin

Rûnom romte

Lyrysk Deiboek

Syn punt stekt al de hichte yn
as wurdt der wachte op ’t lansearjen
fan Kaap de Platte Potten ôf,
dy’t yn de rûnte rint…
’t kin amper noch mislearje.

Want op ’e achtergrûn ferriist
it romteskip dat mei syn streken
passearret swarte gatten, trou
syn koers opnij ôfstimt…
foar de raket in teken.

Klim sels de stielen hichte yn
om oer ’t hielal te fantasearjen
of út te sjen oer ’t lege blau;
wa’t yn de rûnte rint,
sil ’t útsicht heech wurdearje.

admin

Opera Salomé

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**



Koe Salomé wol wille ha
al dûnsjend foar de holle
fan Jehannes, de heraut?
Fereale en mei him fertroud,
sa song se yn de opera,
’t wie har net gau tefolle.

Koe sy wol neaken foar ’t publyk,
dat wist fan ’t evangeelje
fan Jehannes, de heraut?
It wie mei ’t hillich wurd fertroud,
dy beide rûnen net gelyk…
wie dat ferskil te felen?

Strauss*** hie der wol fertrouwen yn,
want erotyk koe lije
by de froulju yn ’t paleis:
de dûns fan Salomé dy deis
wie as de wyn en sinneskyn…
wa koe it better krije?

Lit Salomé de ear mar ha
foar ien tút op ’e holle
fan Jehannes op in skaal;
it evangeelje sprekt de taal
foar ’t sjongen yn de opera
lykas de minsken wolle.

* Poster ‘Opera Salomé’
** Foto ‘Salomé mei de holle fan Jehannes’
*** Komponist Richard Strauss

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum