Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for oktober, 2017

admin

Kloaterige rabannen

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2006

De wyn soe rinne nei krêft fiif,
dat skippers flybken yn de hannen,
seagen nei de wedstriid út
en ek nei kloaten oan de bannen,
want dy moasten justjes stiif.

De wyn gie lizzen, woe net mear,
dat skippers sieten mei de hannen
yn it hier, de start waard út-
steld mei it each op nije plannen
fan de wyn, dan kaam it klear.

Der kaam wol wyn, mar ’t hold net oer,
dat Ulbe* stiek breedút de hannen,
koe net oer de wynkrêft út,
dus nei de kloaten mei dy bannen:
los dy kringen… en it roer.

De liere loek ien yn de mêst,
dy’t fiere liet de stiifste bannen,
wylst er seach de eagen út
oer Iselmar en Lemster strannen…
sjochris oan, de liuw rûn bêst.

* Ulbe Zwaga

admin

Foar master opslaan

Keunst

fan Cornelis Troost*


Hy sit der proastich by
mei grize prúk en glêd it kin,
in búk dy’t justjes bollet,
alles oan him eaget nij,
syn hâlding is lykas ‘Ik bin…

… fan berte ôf mennist,
de ienfâld sprekt my tige oan
en wat it libben follet:
keunst fertelt perfoarst waast bist,
by my sit Muze op ’e troan…

… ik ha it yn de hân,
in giel papier mei tekenkeunst,
de klanken yn de fingers;
Rome sjongt en Grikelân
skinkt my syn harmony as geunst.’

Hy draacht it unifoarm
fan drummer dy’t er wurden is
troch slaande stok op tromme,
slacht in roffel as alarm
en is al fan syn takomst wis.

* Cornelis Troost (1697-1750)
Skilderij ‘Portret fan in lid
fan de Van der Mersch famylje’
Skilderij ‘Jonge dy’t op ’e tromme slacht’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum