Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for oktober, 2017

admin

Op en yn de kiste

Keunst

fan Juana Borrero*



Sy hat se dêr noch sitten sjoen,
dy trije op in kiste
yn ’t rike Floarida,
wat sy doe noch net wisten:
de lêste kleuren hie se harren jûn.

Op Kuba wie sy noch in bern,
dêr hearde sy it sjitten
en moast nei Floarida;
de bern liet sy doe sitte
om harren mei begrutsjen oan te sjen.

Sy waard gjin aureoal gewaar,
wol fjouwer bleate fuotten
yn ’t rike Floarida
fan fila’s en fan krotten,
wat rekke inerlik by har in snaar.

Nea hat sy har mear sitten sjoen,
sy rekke yn de kiste
foardat sy tweintich wie;
’t portret is swart ynliste
en fol begrutsjen oan de takomst jûn.

* Juana Borrero (1877-1896)
Skilderij ‘Boefkes’

admin

Gjin eigen skuld?

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Wy brochten ’t nijs út goederbêst,
oer Galileeërs, wreed fermoarde
troch Pilatus, harren dea,
sa tochten wy, kaam mei troch kwea,
in libben yn disoarder.

Wy sieten mei it kwea dernêst,
teminsten Jezus prate harren
skjin, wy hiene sels ek skuld,
gjin dikke bult troch eigen skuld,
itselde koe ús barre.

It gie fan moard nei ûngefal:
hy brocht yn ’t sin de achttjin deaden
troch de delfal fan de toer
yn Siloäm, ’t kaam op ús oer
as diene wy ’t ferkearde.

 * Foto ‘Siloäm’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum