Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for oktober, 2017

admin

Kop derby

Lyrysk Deiboek

De kop der noch net by
nei’t dûken nei de iel,
dy’t him te glêd ôf wie…
trochwiet waard doe syn diel.

De wjukken breedwei út
fanwege minder fet,
de wyn dy’t dêrfoar stiet,
nimt drûchte mei út súd.

De spegel skaait nei flak,
sa komt er goed yn byld,
noch altyd sûnder kop,
dy’t mei it krop ompielt.

Wa komt dêr foar it ljocht
nei ek in djippe dûk?
Hat dy in heger krop
as wêr’t hysels om socht?

De kop derby, omheech
de snaffel, wiid de kiel,
hy is al út ’e rie:
sa wurdt de iel syn diel.

admin

Boeiekening Houdini

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Hoefolle minsken binne wol net boeid
de tiden troch, meastal ûnskuldich,
troch de keattings fan de macht,
se droegen harren lot geduldich.

Sa net de man dy’t him stiif boeie liet,
Houdini, wa koe net syn namme,
boeiekening sûnder macht,
mar nea hat er it folk beskamme.

Frijwillich boeid de sel yn, wie syn stunt,
dêrnei de frijheid, nea ferwachte
dat it folk, ek sûnder macht,
in neaken kening sa heech achte.

Sa wie Houdini boeiend foar ’t publyk,
dat boeid wie troch noch stiver bannen,
oanbrocht troch de sterke macht,
ferbline troch syn stielen plannen.



* Foto ‘Houdini boeid it wetter yn’
** Foto ‘Houdini mei ferbrutsen boeien’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum