Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for september, 2017

admin

Bôgereeën

Lyrysk Deiboek

De stâlen stean noch rjocht oerein,
wol hat de tûke djipper bûgd
as hjoed troch ’t stoarmgeweld
en alle dagen rein.

De sinne mei it wolkewiet
fertelle kleurich it ferhaal
dat Noäch net mear telt…
ûntelber nei de tiid.

De stâlen jouwe tûzenfâld
en sprekke yn de âlde taal
dat  siedzjen altyd telt
yn hiel de wide wrâld.

Mar wurdt in kerrel ta in munt,
útwreidzjend op miljoeneskaal,
dan is ien ding dat telt:
seis kear dyselde stunt.

De stâlen stean noch rjocht oerein
salang’t twa reeën derfoar gean
en om’t de bôge meldt:
de rêding is foarsein.

admin

Oseberchskip

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**



De tiid troch wie ’t in dûbelgrêf
fan froulju en in fikingskip,
dy’t foar it each ferburgen bleauwen,
grêf en ek ferline leine djip,
de Noarman heardest dêr net skreauwen.

Mei tritich roeiers sylde hy
nei  ’t suden by de dunen lâns,
de skrik fan elke kustbewenner,
griep yn pleats en tsjerke rap syn kâns,
yn ’t rôvjen gie hy troch foar kenner.

De bonken kreaken op it lêst,
lykas de spanten fan it skip,
de delgong wie perfoarst gjin wûnder,
wol de opgong, want it grêf lei djip,
’t ferline rekke der net ûnder.

De frouljusklean ha doe ferteld
’t ferhaal fan rykdom en komôf,
fan kanker sprieken hier en bonken,
mar wat wie de bân fan skip en frou?
Dy is mei har yn ’t grêf fersonken.

* Foto ‘Opgraving fan it Oseberchskip’
** Foto ‘It Oseberchskip yn it Fikingskipshuset’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum