Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for augustus, 2017

admin

Ferguld tsjin swart

Keunst

fan Frantz Charlet*



Se klommen by de stoepe op,
bewekke troch de liuwen,
dy’t fan grime skodden mei de kop,
dus koene sy net bliuwe.

Mar klom de hear, nei him mefrou,
dan giselen de sturten,
want sy wiene oan har opdracht trou
en bûgden foar de grutten.

De grutten seagen hegerop,
dêr’t goud pilaren sierde,
want sy wiene klommen, op ’e top
beskôgen sy har dieden.

Mar sy rint troch mei trije bern,
de earm stiif om de poppe,
swarte earmoed is har oan te sjen…
sy soene har ferskoppe.

* Frantz Charlet (1862-1928)
Skilderij ‘Fergulde huzen te Brugge’

admin

Ien fan de twaensantich

Bibelbylden

fan ûnbekend*



Wy binne bliid wer by him kommen
nei ús reis troch doarp en stêd,
wy fûnen suver oeral miel en bêd,
ús útsicht is ferromme.

Mei twaensantich hat er praten
foar’t de missyreis begûn,
hy hie ús macht oer slang en duvel jûn
en sicht op nije maten.

Hy hie ’t oer lammen ûnder wolven,
want sa moasten wy ’t besjen,
gjin noed lykwols, kweamachten gean ferlern,
wy ha syn rie opfolge.

Wy moasten oan de huzen frede
bringe, dát wie ús begjin,
dan hifken wy it wjerwurd: goed of min,
sa wisten wy de reden.

De reden hat ús geast ferromme:
tsjûgje fan it Keninkryk
fan God, de duvel krige net gelyk,
hy is foargoed ferstomme.

Ikoan fan de santich/twaensantich

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum