Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for juli, 2017

admin

Smelle fingereintsjes

Keunst

fan Josephus Laurentius Dyckmans*



It is mar wat men derfan sizze sil:
it goudbehang, de skilderijen,
dan noch de waarmte fan de stoel en ’t kleed,
’t ynterieur kin sprekken lije.

Mei heit sit it wol goed, is meastal stil,
hat gouden bergen dik fertsjinne,
hâldt noch altyd libbenseintsjes beet,
wit fan ferlies, noch mear fan winne.

De dochter fielt de oanset fan de wil,
yn harmony mei hiel har fielen
foar in fint, hy hat it minder breed,
wol graach it libben mei har diele.

De heit hâldt noch de fingereintsjes beet
om oer ferlies en winst te rieden,
mar har hûn sjocht inkeld, hâldt him stil…
in knypeach om syn trou te bieden.

* Josephus Laurentius Dyckmans (1811-1888)
Skilderij ‘Rie fan heit’

 

admin

De ferwûndering fan Jehannes

Bibelbylden

fan Jean Bondol*

Noch klinkt it troch my hinne,
beide lûden oer de soan,
ien út ’e wolk, it gie oer Jezus:
‘Dit is myn Soan!’ op hege toan:
‘Dus harkje!’ Sa moast elk him kenne.

Mar doe’t wy ûnder wiene,
hie in heit it oer syn soan:
‘De duvel hat him raar te pakken,
dus help him, Hear!’ op lege toan:
‘Ik wit net wêrom’t sy neat diene.’

Hy hie ’t net oer ús trijen,
want wy wiene hegerop,
mar oer ús njoggen maten ûnder,
dy’t reagearren nochal slop,
sa bleau de jonge yn syn lijen.

Twa soannen joegen lûden,
ien mei duvels skrille stim,
de oare klonk as út ’e himel
en brocht de kalmte oer op him
dêr’t jierren yn it kweade woede.

* Jean Bondol (fjirtjinde iuw)
Yllustraasje ‘De genêzing fan de soan
dy’t de duvel yn him hie’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum