Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for juli, 2017

admin

Edward VII

Skiednisbylden

fan Luke Fildes*
fan ûnbekend**

De kroan moast moannen wachtsje
foar’t dy op ’e holle kaam:
de blineterm woe net omlyk,
dus waard er Edward rap ûntnaam***
foar ’t keningskip oer ’t Britske ryk.

As jonkje hiet er Bertie,
’t learen wie him wat te dreech,
it libben sels hie hy op ’t each,
as playboy hold er froulju heech,
om’t hy dat spul net blyn ynseach.

Syn frou waard Alexandra,
foar him keazen, bleau him trou
yn dagen fan syn lok, har kwea,
mar beide sonken wei yn rou
om berntsjes troffen troch de dea.

Lykweardich wiene minsken
wie ’t prinsipe dat er hie,
de frede lei him nei oan ’t hert,
Europa joech er goede rie,
mar harmony, dat slagge net.

* Luke Fildes (1843-1927)
Skilderij ‘Portret fan kening Edward VII’

** Foto ‘Kening Edward VII en keninginne Alexandra’

*** Yn juny 1902 waard Edward operearre

 

 

admin

Jehannes en Judas op ‘e weromreis

Bibelbylden

Dêr rinne wy dan wer tegearre
mei net mear as op ’e hinnereis,
teminsten fielend it gewicht;
sis Judas, ’k bin benijd watst seist
oer it ferrin, ik wol dyn miening hearre.

Ik wol no daliks net jûchheie,
mar it foel my, earlik sein, net ôf,
ien doar mar bleau foar ’t boadskip ticht
en fierder soarge mem de frou
foar ’t miel, ik mocht de reis mei dy wol lije.

Dyn útspraak seit noch net safolle
oer de útkomst, wêr’t it eins om giet:
Gods Keninkryk komt yn it sicht
mei ’t wurd en boppe-al de died,
de ynspiraasje út ús hert en holle.

Jehannes, wat in grutte wurden
foar de jongste, mar ik jou wol ta
dat wy foldiene oan de plicht
dat minsken wat mear útsicht ha,
guon siken binne sels wer better wurden.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum