Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for juli, 2017

admin

Beheinde frijheid

Lyrysk Deiboek

Tusken wiet en wolken
komt de takomst tichterby,
de fuortgong eaget frij…
gjin flot fan swiere balken.

Glidend oer it wetter
mei de peddel foar de gong,
begjint it lykwicht jong,
de swierte komt earst letter.

Frij fan drege boeken,
mar ferplichte is it fest,
diskusje hat der west
oer fan de planke dûke.

Frijheid om te kommen
wêr’t de oar dy hawwe wol,
men hâldt dat net lang fol…
hy hat it derfan nommen.

admin

Suffragettes

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

De muorren holden froulju tsjin,
har stim bleau binnendoar,
wat yn it ramt fan manlju siet,
it joech hâldfêst, ’t gesin syn sin,
dêr wiene memmen foar.

Mem Pankhurst joech in sterker lûd
dat troch de muorren krong
en op ’e wei te hearren wie:
‘Yn aksje, froulju, ha de moed
en jou ús rjochten gong!’

Mei keattings klikten se har fêst
as teken fan har plak
oant doe ta yn de maatskippij,
de manlju seagen dat as lêst,
wat útkaam yn de bak.

Gjinien bleau yn de finzenis,
de frou kriich ’t rjocht fan stim,
de dochter sels in holledak;
de frou wie fan har plak wol wis:
gelyk oan dat fan him.

* Foto ‘Dochter Christabel Pankhurst’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum