Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for juni, 2017

admin

Utspraak fan in bloeiende frou

Bibelbylden

fan James Tissot*



It is no oeral al bekend,
op strjitte moast ik it wol sizze,
want hy fielde ’t oan syn kleed,
dat ik mar justjes rekke hie,
fansels wie hy der wol oan wend:
om fan syn wurden neat te missen,
stjitten minsken him geregeld oan
en siken pakten him wol beet,
mar sa bin ik no ienkear net,
al floeide ’k jierrenlang al bloed,
it lichem hold him dus net oan de wet
dêr’t myn geast mei krêft nei stribbe,
mar dat hâldt ek ienkear op;
sa gie ik mei myn lêste moed
de strjitte op foar ’t nije libben,
want sa seach ik der tsjinoan:
myn geast soe op ’e nij wer floeie
nei in teken foar it lichem: stop!
En dat is bard, mar boppedat
sei Jezus dat myn leauwe wie ’t behâld,
myn geast en lichem mochten bloeie.

* James Tissot (1836-1902)
Skilderij ‘De frou dy’t bloed floeide’

admin

Fersûpte wetterpoarte

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2006

Gjin twivel oan:
de poarte stie yn ’t seil
op Snits syn simmerwetter,
lykjend op in keningskroan;
hoewol’t de útslach better
koe, de Pan fertsjinnet heil.

Gjin twivel oan
sa tusken kryst en nij-
jiersdei, dy winterdagen
sprekke op in hege toan
fan elk syn wolbehagen,
wês der as de wjerljocht by!

De twivel slûpt
by Snitsers troch de kiel,
want hat de duvel boarte
mei de tekens, ien fersûpt?
Ferdeald, de wetterpoarte!
Grouster G snijt troch de siel.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum