Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for juni, 2017

admin

Fan kop oant kont

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2005

De skûtsjes ha in kop en kont,
dêrtusken warings en ek dekken,
langer kin men it net meitsje,
mar soms wol in skipper leaver koart
om mar gjin boei te reitsjen.

De Lemsters leine lang op kop,
gjin konkurrint koe har berikke
oant de twivel sleat de eagen
foar de boei, want wie it stjoer of bak,
se ha it doe mar weage.

De boei kaam foar de Lemster kop
en skampte doe de hiele langte
sûnder dêrby leech te rinnen,
krige by de kont in hurde skop…
gjin kâns om noch te winnen.

admin

Har monumint

Keunst

fan Akseli Gallen-Kallela*



Sy wie alve wurden,
kriich fiif kear in krús,
har simmer wie foarby…
se seine: ‘Sy is thús.’

Blêden krigen kleuren,
wizend op ’e hjerst,
wat like suver nij,
lykwols hie ’t libben west.

Boppe kamen streken,
tsjuster as de nacht,
gjin bui dreau droech foarby,
de krusen joegen acht.

Wynkrêft tsien oant alve,
gûlend om swart hout,
de blêden rekken frij
en ha in teken boud.

Sinnich giel oer modder,
sa wie sy it wend,
de hjerst gie ek foarby,
mar net har monumint.

* Akseli Gallen-Kallela (1865-1931)
Skilderij ‘Hjerst, de fiif kleuren’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum