Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for juni, 2017

admin

Frede nei genede

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2006

Genede hat de sûnde wiske,
sa woe ek ús Leave Hear,
dy’t oer hege weagen rûn,
it risiko wie der net mear,
dus lit syn learling net mear fiskje.

Lit ús de koalstofmêst ferjitte,
mei dy stof wurdst kampioen
as gjinien it kwea ûntdekt,
dy kâns waard Ulbe* dus net jûn,
hy moast te bycht, yn ’t hokje switte.

Syn útspraak tsjin de hege hearen
waard de skipper ek ferjûn,
yllegaliteit gjin punt
mear, Ulbes silen wurdt wer sûn,
dus wêrom soene se him keare?

Wês wolkom, skipper, want genede
krijsto fan ús Leave Hear,
alle kwea is dy ferjûn,
do dochst it grif net noch in kear,
de SKS ferwachtet frede.

* Ulbe Zwaga

admin

Finster nei de fierte

Keunst

fan Laurits Andersen Ring*



It giet djipper as de skaden,
heger as it moarntiidsljocht
en fierder as it finster,
it sakket streekrjocht nei it hert
en hat it op ’e hichte brocht
fan bûten is it tweintich graden.

It is elke moarn itselde:
út ’e djipte fan de sliep
oerein, it each op ’t finster,
it blauwe swurk of is ’t beset
mei wolken as de wol fan ’t skiep…
wat is der fierder noch te melden?

Mei de tee en ’t stikje bôle
komt de krante foar it ljocht,
it finster nei de fierte;
wat rekket, sakket har yn ’t hert,
it lichte fljocht sy troch mei nocht…
sa komt sy efkes fan de pôle.

* Laurits Andersen Ring (1854-1933)
Skilderij ‘Oan it moarnsbrochje’