Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for mei, 2017

admin

Strakke spieren

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2005

DE komt heal yn byld,
wat jout De Jouwer faasje,
de fok skoot foar it giel,
de striid begjint mei graasje.

Sjoch hoe’t De Jouwer sylt,
de boei om skoaten fiere,
de kop wurdt al syn diel,
dus spanning yn de spieren.

Sjoch Allard* oan it roer,
de rêch fier oer de dramen,
de spieren lûke strak,
it komt hjoed oan op rame.

De kop rint him net oer,
hy sil him net fersinne,
giet yn it lêste rak,
mei faasje wol er winne.

* Allard Syperda

admin

Mei it each op ‘e jirpel

Lyrysk Deiboek

Vincent van Gogh*



Se hat de eagen op ’e jirpel,
skylt dy feardich yn it rûn,
as ’t moat, kin sy it sûnder
nei mes en skyl te sjen;
sa is sy mei it wurk ferbûn
lykas in spultsje mei it bern,
it kin net oars, it giet foar wûnder.

De beide fuotten op ’e stove,
noflik foar de rimmetyk,
ien hân is der noch sûnder,
de rjochter, har gelok,
mar ’t giet no justjes ûngelyk,
net maklik, want se hat it drok,
it is net oars, ’t giet dochs foar wûnder?

Sy draait de eagen nei ’t ferline,
want dat skilen is har neat,
sy sjocht har dêr net sitten,
’t is net om oan te sjen
hoe’t mem… jawis, sy hat it leard:
‘Hâld fêst’… sy is net mear in bern,
de takomst sil it witte litte.



* Vincent van Gogh (1853-1890)
Tekening ‘Jirpelskylster’
Tekening ‘Sittend famke’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum