Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for maart, 2017

admin

Twadde Boere-oarloch

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Transfaal, it lân fan goud en Boeren
wurke foar de Britten as magneet,
sjedêr wer kolonisten
mei har easken by de fleet…
wa soe Transfaal bestjoere?

In steatsgreep en in konferinsje
dy’t mislearre, folge troch geweld,
oerwinnings foar de Boeren,
mar de lêste klap dy telt:
Transfaal koe neat mear winskje.

In kriminele konsintraasje
fan de Boerefroulju mei har bern
yn kampen fan de Britten;
foar de Boeren wie ’t ferlern,
de ein fan harren naasje.

* Foto ‘Boerekommando yn de Twadde Boere-oarloch’

** Foto ‘Konsintraasjekampslachtoffer Lizzie van Zyl’

admin

Mei tolve oan it wurd

Bibelbylden

fan Gustave Zorn*

Mei tolve jier nei ’t Peaskefeest,
de úttocht út Egypte wei
belibbe yn Jeruzalem,
foar Jezus waard it heechtiidsdei,
noch heech klonk ek syn jongesstim.

Nei ’t feest werom nei Nazaret,
it reisselskip gie op ’en paad,
de geast fol fan Jeruzalem,
gjin noed om Jezus en syn maat,
hy rûn wol mei en rêde him.

De úttocht út Jeruzalem
kaam foar twa âlden oan de ein,
want harren Jezus wie der net,
sy binne, troch de noed ferslein,
mei hasten nei de stêd ta set.

Dêr fûnen sy him yn petear
mei wize learaars oer de wet;
Marije utere har noed,
mar Jezus sei, hy hie ferlet
fan ’t Wurd fan Heit… syn tocht fan hjoed.

* Gustave Zorn (1845-1893)
Skilderij ‘Jezus as bern yn de timpel’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum