Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for maart, 2017

admin

Nei rêst op dreef

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2005

De skipper sit net oan it roer
en stiet der ek net nêst,
mar hat de pet wol op,
hy joech it helmhout oer
en dat foldocht hjoed bêst,
de silers binne top.

Se sitte yn ’t gemeentewurk
as tún- en timmerman,
mar hjoed foldocht it bêst
op ’t plak fan roef oant durk,
se nimme it derfan
mei hannen yn de rêst.

Mar komt it derop oan
mei yn it seil in reef,
dan hâldt de skipper fêst
oan wat hy fynt gewoan
en komt it skip op dreef
fan swurden oant de mêst.

admin

Stjoerend gefoel

Keunst

fan Remigius van Haanen*


Wa wurdt net rekke,
krijt gjin waarm gefoel
by twirkes dy’t oer ’t wetter
strike, yn de jûn noch soel…
de moanne sil trochbrekke.

Wa wol dan witte
dat dy satellyt
draait om de rûne ierde?
Fiel hoe’t ús boatsje glydt…
de moanne kin ’t net litte.

De wolken driuwe
foar it nachtljocht wei
of brekt it der trochhinne?
Fiel hoe’t wy glide nei
it langstme om te bliuwen.

Wêrom net skine
mei it eigen fjoer
by twirkes dy’t oer ’t wetter
strike, dûbel ljocht jout stjoer,
’t gefoel sil ’t far wol fine.

* Remigius van Haanen (1812-1894)
Skilderij ‘Nachtgesicht mei in sylboat mei fjoer’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum