Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for februari, 2017

admin

Oerwippe

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2005

It is in gean en kommen,
wat faak oan ’t âlder wurden leit,
de soan komt yn it plak fan heit
en slacht wat lûder op ’e tromme.

Mar ’t barde net op skippen
dy’t wedstriidsile foar de ear
fan doarp of stêd, dan komt it klear
troch sûnder tromme oer te wippen.

Grou hie in fakatuere,
want Berend* kriich in oare driuw,
de service fan syn nij bedriuw:
kommersje mei taalfrjemde kueren.

Gjin skipper hie ferwachte
dat Grou by Douwe** komme soe,
dat Douwe wol op Grou ta woe,
de fakatuere wie foar Drachten.

* Berend Mink
** Douwe Visser

admin

Jûnslûden

Keunst

fan Edvard Munch*

Kin in skreau noch lûder klinke
as dat de himel weaget mei
en ek it wetter fan it fjord?
It bloed spielt oer de giele dei,
de holle wol it leafste sinke.

Hannen om de smelle holle
beskermje earen foar de brek
troch ’t weagjen fan it gjalpjend bloed,
de mûle wurdt ta grutte bek
mei lippen dy’t net skreauwe wolle.

Hannen op ’e lange planke
yn it jûnsljocht dat net wike wol
om flústerjend noch kleur te jaan
oan fammen fan de dei, dy’t fol
is fan melodieuze klanken.

* Edvard Munch (1863-1944)
Skilderij ‘De skreau’
Skilderij ‘Famkes op ’e pier’

 

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum