Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for februari, 2017

admin

Earste Boere-oarloch

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

It wiene net de bangeskiters
dy’t doe foeren nei Súd-Afrika,
mar dryste kolonisten,
libjend op ’e takomst ta
as fûgelfrije miters.

Se stean bekend as blanke Boeren
yn Oranje Frijsteat en Transfaal,
dy’t fan gjin wiken wisten;
moed kaam foar yn ’t striidferhaal,
se woene sels bestjoere.

It wie de Britske anneksaasje
fan Transfaal dy’t swypke op it bloed;
de Earste Boere-oarloch
brocht de Boeren net yn noed:
Transfaal bleau harren naasje.

* Yllustraasje ‘Boerekommando yn de striid’

 

admin

Skôgje op ‘e âlde dei

Bibelbylden

fan Rembrandt*



Nea hie ’k tocht dat ik belibje mocht
wat my op dizze dei oerkaam,
hoewol’t ik profetesse bin…
dochs ha ’k net om it jonkje socht.

Sân jier ha ’k it lok belibje mocht
fan troude frou, eins noch jongfaam;
hoewol’t ik oer de tachtich bin,
ha ’k yn de timpel eare brocht.

Eare oan de Iene, nacht en dei,
want Hy jout my it libbensljocht,
sadat ik no noch skôgje kin
it heil, dêr is de ein fan wei.

Wat ik skôgje, jou ik hjoed noch troch,
want dochs ha ik der wol om socht:
ferlossing, brocht troch ’t iene bern…
hy seach my oan, ik sjoch it noch.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Simeon en Anna yn de timpel’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum