Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for februari, 2017

admin

It masker kwyt

Keunst

fan Fernand Khnopff*

Sjedêr myn suster Marguerite,
foar my mystearje as model,
sy joech har by it masker del,
dy twa sjoch ik as favoryt.

Refleksje hat sy op it each,
dat nei it bleke masker sjocht,
sy fielt him oan, wat hy al tocht,
dy beide driuwe op ien weach.

Hy seit itselde as har lea
fertelle oer wat komme sil,
de mûlen hâlde har deastil
en ha gjin sin oan ’t deistich brea.

Sjedêr it hieljend hospitaal,
de mûle iepen, sa’t it heart,
refleksje fan de mins dy’t stjert…
fertelde ’t masker dat ferhaal?

Myn leave suster Marguerite,
’t mystearje is no ienkear rûn,
in minske is it leafste sûn…
do rekkest hjoed dyn masker kwyt.

* Fernand Khnopff (1858-1921)
Tekeningen ‘Secret-Reflet’

admin

Ik, Quirinius

Bibelbylden

fan ûnbekend*

In lânfâld moat de oarders hearre
fan de keizer, dêr dan ek nei dwaan,
dus rûn it út op tellen,
it folk moast him op wei bejaan,
dêr hat wat oan mankearre.

Tafallich kaam ik hjoed te witten
dat der wie trelit yn Betlehem:
net telle, mar fertelle
troch hoeders mei oerdwealske stim…
ik kin dêr net mei sitte.

Herodes moat him dêrmei rêde,
want dat wûnder yn in âlde stâl
hat mei in Joad te krijen,
it is foar wurden al te mâl,
lit stean op mânske mêden.

* Yllustraasje ‘Hoeders mei keppel’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum