Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for januari, 2017

admin

Loef hâlde

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2004

It kin net breder foar in gaadlik plak,
in skipper wol it heechste komme
by de ûnderboei, der skerp omhinne;
wa’t leger sylt, leit dêr foar blak
en kin gjin hichte winne.

De reade mûtse is noch net te sjen,
men mist dêrûnder pompeblêden,
mar de B kin hjoed gjinien omhinne;
wa’t leger sylt, leit al ferlern…
dat skip moat fierder rinne.

Wa’t toarst hat, kriget ranja út ’e roef,
al ha de manlju ’t leafst in pilske
foar ’t eufoare foargefoel: it winnen;
it skip hâldt sa gjin koers of loef,
dêr moat it grif net hinne.

Mar rint it wol op ’t earste plakje út,
dan sjocht men reade pompeblêden,
ek de mûtse foar de felle sinne,
der folget fan de frou in tút
en ’t pilske foar it winnen.

admin

Heech it krop

Lyrysk Deiboek

Se steane withoelang al
tusken dyk en feart
te wachtsjen op ferdivedaasje,
simmerdeis heech yn de bol,
mar yn de winter keal, want skeard.

Wat oerbliuwt, is de romp dy’t
bûcht foar wat noch komt
oer mar en feart mei swier en faasje,
as it rûnom strielet wyt
fan snie en ryp, mar hjoed noch bromt…

… in rider oer de dyk mei
kromme rêch, de kop
foaroer, in grut tekoart oan graasje;
achttjin rompen sjogge nei
syn rydstyl, hâlde heech it krop.

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum