Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for januari, 2017

admin

Yn ’t ljocht

Keunst

fan Harriet Backer*
fan Peter Vilhelm Ilsted**

De neare nacht is lang
en bûten doarmje skimen
dy’t fan gjin hâlden witte wolle
fan wa’t sitte op ’e earste rang,
it is mei kalmte net te rimen.

Sy sit by lampeljocht
en tusken lange skaden
te lêzen oer ôfsleine hollen
fan de striders fjochtsjend foar har rjocht…
’t mystearje slûpt oer kronkelpaden.

Dan sy, fan bûten ljocht,
kalm troch it finster getten,
de folle kanne is net fallen,
stadich leechrûn, want sa hie sy tocht,
sy sil him achter ’t glêswurk sette.

* Harriet Backer (1845-1932)
Skilderij ‘By lampeljocht’

* Peter Vilhelm Ilsted (1861-1933)
Skilderij ‘Ynterieur’

admin

Jonatans liederskip

Bibelbylden

fan Gustave Doré*

Nei Judas kaam de tiid werom
fan heidendom en hongersneed,
de eigenheid gie yn de ban,
de rop klonk yn de heechste need
om liederskip: broer Jonatan!

Mei Jonatan waard der wer boud
oan timpel en Jeruzalem,
de eigenheid kaam doe werom;
as hegepryster kriich er stim,
as moedich generaal de rom.

It gie wer op in fjochtsjen oan
tsjin hynders yn in laffe leach,
in striid dy’t duorre oant de jûn,
it waard foar ’t hynstefolk in pleach,
foar Jonatan de ear, hy wûn.

It rûn mei Jonatan doe troch,
want ôfgod Dagon liet him sjen,
syn timpel moast noch yn de ban,
yn fjoer en flam gie dy ferlern
troch ’t liederskip fan Jonatan.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Jonatan ferwoastet
de timpel fan Dagon’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum