Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for november, 2016

admin

Seemiuwen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De miuw leit plôke foar de wâl,
hoewol… it wite jout noch oan
syn hege simmerflecht,
it gie him boppe ’t weagjen nea te mâl,
mar no, by’t ljochtsjen fan de moarn,
is alles oars as echt.

Image

De namme bliuwt, mar sprekt net mear,
hy leit foar aap, mar sûnder sturt,
syn slinger hat er net,
sa wjukleas yn it wetter docht him sear,
de see skoot hieltyd fierder fuort,
fan ‘Seemiuw’ gjin ferlet.

Dan hy dy’t ek dy namme hat,
hoewol… ien fan in oare soart,
yn wintertiid noch hecht,
hy meditearret pealsteand earst noch wat,
hat beide wjukken fêst oan board
foar daliks yn de flecht.

Image

admin

Karibyske fisker

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De fisker en de see, fan twa ta ien,
syn hiele libben is dêrmei ferbûn
as fisken mei ’t koraal,
hy hat syn wurk wer dien.

De fisker en syn boat, in byldferhaal:
de lapen foar de fûgels in ferskrik
as haaien foar de fisk,
hy die in flinke haal.

De fisker kin net sûnder tamakdisk,
dêr’t hy syn hannel snijt, bestrykt mei sâlt,
dan nei de merk ferfiert,
genôch, want mear as niks.

Syn dei, mei disk en âlde lapen sierd,
rint fol mei boaten, fisk en ’t eigen ik:
’t ferhaal op lytse skaal,
it rêsten nei de died.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum