Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for oktober, 2016

admin

Dochter

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hjoed ha wy har nei Skiphol brocht,
klear foar it fiere fleanen,
wa hie it fan ús dochter tocht
sa’n fjouwer moanne earne
de sykten sykje om te hieljen.

Jûn wie se fleurich yn de hal
foar ’t skerm om yn te checken;
wy tochten doe: se rêdt it wol
om ’t slimste ta te dekken
mei har belied en waarme fielen.

Image

Acht oere ha wy ôfskie naam
mei krûpe en wat sizze:
‘No giest en hâld dy goed, hen faam?
Wy sille dy wol misse!’
Gjin triennen, nee, want sy wie fleurich.

Doe rieden wei de wei werom,
wol grutsk op har, ús dochter
sawat al dokter, ljochte blom
yn swart Malawi, tochten
wy, mar it fielde dochs wat treurich.

admin

Skeppingsdei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De nacht ferrûn mei stoarm:
it rûzjen fan de beammen
yn ’t weagjen op ‘e twirren
dy’t ek it wetter swypken
ta ’t driigjen mei de stimmen
fan ûnheil sûnder foarm.

Image

Der twirre ek in dream:
it stoarmjen yn de tinte,
de wetterfloed fan fierren
dy’t skieding brocht op ierde,
de skepping mei de wenten
foar âlden en har team.

Image

Ik rûn de moarns dêrnei
yn waar en wyn op wegen
dy’t nei de fierte fierden
dêr’t skiere loften brieken
en ‘k seach noch wat ferlegen
nei dizze skeppingsdei.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum