Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for oktober, 2016

admin

Mystearje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hoe kin in blommekrâns
no driuwe yn in sleat
by ’t doarpke Goaiïngea?
Ik rûn der earst bylâns,
wat achtleas, bin wer keard
en stie dêr doe foar dea
as keatser út balâns,
gau rekke, dus ferkeard
sloech hy de krâns doe kwea.

Image

Mar ’t mystearje leit faak djipper
as boppeslach mei slaande tromme;
kiest in keatser foar it wetter,
dan sizze fisken it mei blommen.

admin

Para-boal

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se kinne net op eigen skonken stean
en wine har om sterke stâlen,
mar binne se de hichte yn, dan gean
se iepen, wite paraboalen.

Image

Hy is der wer, wat skier en withoefier,
mar stiet dêr wol op eigen skonken
te pronkjen, lykwols ’t is net foar de sier,
hy brekt as boal de kikkertbonken.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum