Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for oktober, 2016

admin

Brânend doarp

Keunst
PDF Print E-mail
fan Marc Chagall*

Image

Marc Chagall, do hast as Joad
de learzens fan soldaten heard
en sjoen hoe’t yn it lôgjend fjoer
it ieuwenâlde erfskip stjert,
mar fieldest djip, de geast bliuwt oer.

By it ear hat sy de hân
omdat de lears noch altyd dreunt,
de memme-earm bûcht om it bern
wylst heit syn skouder harren steunt,
sy fielden djip, it is ferlern.

Fan har hûs bliuwt oars net oer
as jiske dy’t ek noch ferwaait,
mar hy hat beide earen frij
en heart nei wat de wyn him seit:
de geast bliuwt oer, wurdt sels wer nij.

* Marc Chagall (1887-1985), berne yn Witebsk,
in stedsje dat hjoed de dei yn Wyt-Ruslân leit,
wist as Joad wat pogroms binne.
Yn syn lange libben (hy wenne û.o. yn Parys,
de Feriene Steaten en Ruslân) hat er in protte
keunstwurken makke.

 

admin

Europa en de bolle

Keunst
PDF Print E-mail
fan Titiaan*

Image

Kin in skilder dichtsje
op it doek mei kleur en foarm?
Lit him in myte kieze
mei in barren as in stoarm,
dan sil syn boarne rize.

Soe de see net rize
troch de hertstocht fan god Zeus
dy’t weage nei in kreaze
faam, gjin each foar dizze reus,
Europa hie al keazen.

Mei in god wol rôvje
mei it each op wat er is?
In god is neat tefolle,
dus wist Zeus wol rie en wis,
hy rôve har as bolle.

* Titiaan (sirka 1485-1576),
in Italiaanske skilder,
makke yn opdracht
fan kening Filips II
sân mytyske skilderijen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum