Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for september, 2016

admin

Mei kondooms sile

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1975

It skûtsjesilen fleach de wrâld oer,
yn tritich lannen wie de film te sjen,
it Fryske bloed hat sean en brûze,
mar mei bier en bearenburch oan ’t roer
gie fan de âlde sfear wol wat ferlern.

Image

De kommissaris spriek der lof fan,
sa rekke Fryslân yn de wrâld ferneamd,
mar ’t byld fan bier- en drankreklame,
dat fertelde fan ‘ik drink as man’,
wie mei it Fryske bloed de wrâld oer streamd.

It skipperswrâldsje spriek der lang oer:
it sponsorfoarstel fan in fabrikant,
hy soe hormoanen brûzje litte
fan in wylde skipper oan it roer
en mei syn sterke merk kondooms yn ’t want.


admin

De pet pakke

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1975

Image

In skipper wurdt yn ’t silen stjoerd,
want nei de finish binne trije plakken:
foar de kampioen klinkt kleare rom,
de oaren krije minder lûd,
de lêste kin syn pet wol pakke.

Kommisjes hawwe ek in pet
dy’t heech is by in protte earste prizen,
leger wurdt by ’t sakjen yn de striid;
sa wie foar Jaap* de hurde wet
fan ’t eareplak by ’t roer ferlieze.

Image

Hy hie, sa sei er, wol goed syld,
sportyf en net mei ’t mes dwers yn de mûle,
want it gie him om de sjarme fan
it skûtsjesilen, minder wyld
en ek net fan ’t oerdwealske fûle.

Dêr stie er op ‘e fêstewâl,
syn hege skipperspet yn beide hannen,
it foel him ôf, hy hie ’t net rom:
dy snotnoas Hedzer** soe ’t wol mâl
dwaan tusken al dy jonge mannen.

Image

* Jaap Zwerver, de âld-skipper fan Earnewâld
** Hedzer Meeter, de nije skipper

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum