Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for september, 2016

admin

Lette twirre

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1975

De Sâltepoel wie noch it bêste plak,
want op ‘e Snitser mar gie ’t need
mei twirren dy’t op tugen wachten,
brute baren batsend tsjin it flak,
dus bleau it seil noch ûnder ’t kleed.

Image

De twivel sloech mei elke twirre ta
en kreake as in brutsen mêst,
it wie ferstannich om te wachtsjen,
mar de Panne koe ’t wol ha,
dêr holden se de skoaten fêst.

Image

‘Wol bliksem, bliuwe wy dan oan de wâl?
De twirren winne it hjoed net,
as no de start mar efkes wachtet…’
Mar de flagge heal yn ’t want
woe ha har twirre kaam te let.

Image

admin

Under Grouster weagen

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1975

De loft is ticht, der driget wat
as skûtsjes foar de keale mêst
yn sleep nei ’t startplak farre;
de mannen skôgje, sjogge dat
en skuorre reven rimpen fêst.

Image

De swan sylt hjoed lykwols foar fol
en wjukket op De Jouwer oan,
de wiffe wite mei twa reven;
dy beide reitsje út har rol,
de klap is lûd, mar falsk fan toan.

Image

En wylst de wite fart foar ’t lêst,
sylt Siete* Boalsert skean en plat,
op Grouster weagen kin soks barre,
want mei it seil heech oan de mêst,
leit yn de lichte skippers lot.

Image

* Siete Meeter

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum