oktober 14, 2026

It binne gjin ferhalen
om te harkjen nei in massamoard
fan joaden yn ferskate kampen,
want sensaasje weacht net swier,
’t is stjerrend wier.
De wierheid mei net swije,
lit har klinke mei it skelste lûd
oer joaden dy’t troch rampen troffen
waarden, oerbleau noch gjin hier,
’t is stjerrend wier.
It binne gjin ferhalen
om te harkjen nei in massamoard
fan Palestinen yn de doarpen,
want sensaasje weacht net swier,
’t is stjerrend wier.
De wierheid mei net swije
as ek joaden moardzje yn it rûn,
de ramp foar alle Palestinen
oer de grins fan minsklikheid,
it is in feit.

oktober 8, 2026

Hear Sion út ’e fierte roppen
nei de generaasjes fan it folk
dat oer de wrâld fersille is:
‘Kom nei jim âlde lân werom!’
Wy hawwe yn de frjemdte sichte
ûnder haat fan generaasjes folk
dat wie fan ’t eigen plak wol wis:
‘Dit is ús lân, net dat fan jim!’
Hear, folk fan Sion, dizze útspraak,
kom oerein en folgje ’t ideaal
dat útgiet fan in eigen steat:
‘It joadske folk, dat binne jim!’
Wy hawwe yn de kampen kjirme
ûnder klappen fan it nazi-folk
dat ús fernedere ta neat:
‘Gjin joad komt yn ús lân werom!’
Hear Sion no noch lûder roppen
nei de rest dy’t net fermoarde is,
mei ’t Sionisme is neat mis:
‘Kom nei jim âlde lân werom!’