Haadmenu
Ths
Wa bin ik
Lyrysk Deiboek
Bibelbylden
Jereims
Keunst
Polityk
Religy
Skiednisbylden
Sktsjesilen
Berneboeken
Ferhalebondel
Romans
Oar wurk
Ferwizings
Kontakt
Administrator
Beheardermenu
Gebrukersnamme

Kaaiwurd

nthld my
Kaaiwurd ferjitten
Besikers: 18645519

Rige PDF Print E-mail

Se ha it miel wer jûn,
it jaar befrijd fan lêst
dy't oars gjin romte fûn
as yn de tank, wol bêst
genôch, want no't it bern
gjin lêst mear jout oan 't hert
fan mem, hat sy ferlern
't gefoel en is se set
yn 't ramt fan sirkelgong
fan stâl nei greide, gers
as fretten, kôgje, dong
foar groei en dan de rêst,
wjerkôgje, fjouwer kear
in mage yn, wol bêst
genôch, der is net mear
as sirkelje, hoewol...

se stelle harren op,
want jaren rinne fol,
in rige, kont oan kop.

Image

< Foarige   Oare >