Haadmenu
Ths
Wa bin ik
Lyrysk Deiboek
Bibelbylden
Jereims
Keunst
Polityk
Religy
Skiednisbylden
Sktsjesilen
Berneboeken
Ferhalebondel
Romans
Oar wurk
Ferwizings
Kontakt
Administrator
Beheardermenu
Gebrukersnamme

Kaaiwurd

nthld my
Kaaiwurd ferjitten
Besikers: 17001882

Ballade fan it klopjend hert PDF Print E-mail

Wêr kloppe yn dit lân it hert
dat soarge foar it steamend bloed
troch ieren fan de stêd
of wat dêrbûten lei?
It krekte antwurd komt noch net,
mar wit wat de ballade seit.

It wite bloed fan 't plattelân
dat streamde nei de kelder ta,
bestjurre troch de hân
fan froulju oant it tsiis
en bûter waard en mei ferstân
betocht de boer de krekte priis.

Image

It blauwe bloed fan wat doe stêd
waard, streamde nei de holle ta,
betocht hoe't op it mêd
fan oansjen, jild en macht
gjin minske waard yn 't libben sêd,
wat liede moast ta preal en pracht.

De boer teach mei it giele goud
nei Snits en lade by de Waach
syn suvel út, wylst skout
en rakkers seagen ta
dat alle hannel wie fertroud
en nimmen soe tefolle ha.

Mar yn dy tiid al streamde 't jild
op hertslach fan de hegerein,
dy't stân en skatten tilt
nei hichten sûnder ein,
mar sjoch de boer yn 't flakke fjild,
hy wrotte troch yn wyn en rein.

Sa tusken tsjerke en de Waach
ferriisden stinzen by de rûs:
út it Van Waltalaach
en Van Burmania,
mar sjoch, de boer dy woe noch graach
syn suvel op 'e skealjes ha.

Image

De Snitser stinzeboargerij
wie thús yn tsjerke en stedhûs
en boude wer opnij
noch hegerop, mar sjoch,
de boer fersoarge trou syn kij
en bodde alle dagen troch.

Wêr kloppe yn dit lân it hert
dat soarge foar it streamend bloed
troch ieren fan de stêd
of wat dêrbûten lei?
Wit dat it antwurd ier of let
foar earm of ryk de wierheid seit.     



< Foarige   Oare >